Protestantse Kerk in Nederland
Protestantse gemeente Wommels-Hidaard
 
 
12+ 12+

Mount Everest
 
It kranteberjocht van Eric Arnolds syn klim nei de Mount Everest (LC 23 mei) bliuwt my de hiele tiid yn de holle sitten. Nei fjouwer mislukte pogingen, slagget it him. Mar op de weromreis stjert er, wierskynlik oan hichtesykte.
 
Syn freondinne fertelt: “Eric sprak altijd over een engeltje op zijn schouder, dat hem in leven hield. Dit keer snap ik niet wat er gebeurd is en waarom het engeltje er niet was in de afdaling.”
 
Kinst tink ik op in soad manieren nei dit ferhaal sjen; binne al dy tsjinslaggen al warskôgins west? Hie er dêr wat mei dwaan moatten? Of wie it júst in teken om it de oare kears wer te besykjen; it ingeltsje siet der net foar neat..
 
Wat my ek opfoel yn it berjocht; Eric socht nei in nij begijn. De beklimming soe in nij tiidperk ynliede foar himsels; syn wurk soe er opsizze en hy soe beropsavonturier wurde.
Yn hoefier kinst dyn eigen lot bepale? Dat is in wat seurende konklúzje miskien.
Ik hoop foar Eric dat er fûn hat wat er socht; dat er wat fan dat nije begjin sjoen hat op dy berch. Dat it net foar neat west hat.
 
………………………………………………………………………………………………………………
Abram en syn neef Lot sitte mei in probleem; foar beide kudden is der te min lân. Se beslute út elkoar te gean. Abram lit Lot kieze; dy kiest foar it grienste gedielte.
Neidat Lot fuortgien is, seit de Heare tsjin Abram: Slach no dyn eagen op en sjoch fan it plak ôf dêrst no bist nei it noarden, it suden, it easten en it westen, want it hiele lân datst sjochst, sil ik dy en dyn neiteam foar altyd jaan….Kom, gean it hiele lân mar troch yn syn langte en yn syn breedte, wan Ik sil it dy jaan (Gen.13:14-17).
……………………………………………………………………………………………………………………
 
Yn beide ferhalen sit it nije begjin net oan it ein, mar midden yn it ferhaal. Abram kriget de opdracht om no it lân troch, it mei te meitsjen, ek al is de belofte ien foar de takomst.
En ik tink dat Eric eltse dei pakt hat om syn dreamen wier te meitsjen. In protte minsken wachtsje mei in nij begjin oant de kâns him foardocht. Hy hat sels it begjin makke, troch himsels in doel te stellen.
 
Kinst altiten wol foar it grienste gedielte, de maklikste wei, kieze. Mar minsken dy’t it oarsom dogge, oars doare te dwaan, jouwe in protte stof ta neitinken.

Antje van Schepen

terug
 
 
 
 
Kerkdienst
25 februari
09:30 Jacobitsjerke

Voorganger: ds. D. Wijmenga
Organist: Doeke van Wieren



 
 
Spelletjesochtend voor senioren
Donderdag 15 maart in It Bynt.
 
Kledingruilbeurs
Zaterdag 17 maart in It Bynt

 
 
Repair en koffie
 
Foto's herfstfair
Foto's van de herfstfair en kunstveiling staan nu online.
Kijk in het fotoalbum of klik op de foto.
 
Historie Gereformeerde Kerken
Historisch overzicht over de voormalige Gereformeerde Kerk te Wommels.
(klik op de afbeelding)
 
Activiteitencommissie "it Bynt" nu ook op facebook!
Like en volg de facebooksite van de activiteitencommissie van "it Bynt". 
(klik op de afbeelding)
 
Update vanuit het jeugdwerk

 
Activiteiten "it Bynt"

 
Een bakje koffie doen


Elke dinsdagmorgen staat van 10.00 tot 12.00 uur de koffie voor u klaar!
Welkom!
 
Oproep voor de jeugd

 
Rock Solid

 
Kerkblad "Oer de brêge"

Klik op het plaatje.
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.