12+
12+
opnij begjinne
myn mûle sit noch ticht
as ik sjoch hoe’t myn stêd derby leit
myn holle sit noch fol
as ik tinke wol oan moarn
myn koffer is noch swier
ik bin frij mar net ferjitten
*In nij hert, in nije geast,
It hert fan stien mei fuort
as ik wer begjin te fielen
docht it allinnich mar searder
mar ik moat troch
*In nij hert, in nije geast,
It hert fan stien mei fuort
hiel foarsichtich kom ik wer
foar it ljocht
Antje van Schepen
|