12+
12+
hoe kaam it dat ik
troch gie
liichde, fertrape
sear die
noch in kear
ik stifte oare nammen
op spegels
ik lake derom
sa seach net ien wat
der mei my wie
myn geheim:
ik hâlde net fan mysels
net ien mocht dat sjen
it waard grutter
myn geheim
myn ôfkear
myn aksjes
ik sis mar neat mear
alles wat ik sis
docht sear
ik skriem, tútsje en
jit de balsem oer
Syn fuotten
En no seit Er: Jo sûnden binne jo ferjûn
En tsjin de fariseër: oars soe se net sa leafhawwe kinne
ferbjustere sit
de fariseeër my
oan te sjen
alle oare kearen
soe ik him
in knypeach jûn ha
gewoan
foar de grap
mar no fiel ik allinnich mar
rêst, kalme rêst
ik bin fry
Antje van Schepen.
|