12+
12+
ik hingje hjir al in skoft
net as bút of opskeppersferhaal
bin ferstoppe yn in doek
efter de prysterjas
wa wit dat ik hjir bin?
ik bin frjemd hjir
tusken prystersaken
bin in saak dy’t net wer barre mei
dêrom hingje ik hjir
tink ik
de jonge mei de stiennen en syn slinger
brocht my werom, naam my net mei
dochs bin ik hjir
it is gek mar
as de pryster syn jas oandacht
mei stiennen en nammen
fiel ik dat ik tichtby wat gruts bin
it fielt as in skyld
no komt dy jonge werom
it is al even lyn
hy moat fuort, ferdwine
krekt as my
hy nimt my mei
der is neat oars hjir
it fielt krekt as giet it skyld
mei ús mei
ik bin mar in swurd
kin alle kanten op
wit net fan goed of fout
myn nije opdracht:
in stikje fan de jas
fan de kening
it skyld docht de rest
Antje van Schepen.
|