Protestantse Kerk in Nederland
Protestantse gemeente Wommels-Hidaard
 
 

zondag 29 maart 2020

Muzyk dy't rekket

Datum: 
 zondag 29 maart 2020
Tijdstip: 
 Vanaf 9:30 uur
Locatie: 
 Jacobikerk

Op snein 29 maart soenen we moarns om 9.30 oere meielkoar besykje stil te stean by muzyk dy’t rekket, mar dizze tsjinst wurdt útsteld nei in noch te bepalen datum. In grut diel fan de tsjinst sil bestean út muzyk.
Werom rekket in muzykstik of liet. Kinne we dat omskriuwe en wolle jim dat diele sadat oare minsken der ek wat oan ha kinne. En hat dat wat mei ús leauwen te krijen. Yn ‘e Bibel wurdt faak ek oer muzyk sprutsen en wat dat dwaan kin mei in minske. Tink mar ris oan Jericho of oan David syn harp.
De bedoeling fan dizze moarn is dat we fanôf 9.15 de oargelist fia de gasthear freegje kinne om bepaalde lieten út it lieteboek te spyljen, sadat der mear ynteraksje komt. Om 9.30 begjint dan de reguliere tsjerketsjinst mei dizze kear de neidruk op MUZYK DY’T REKKET. We binne der yn slagge in grut ferskaat oan muzyk te kombinearjen. Prachtich dat we dit as gemeente foarelkoar krigen ha. We geane fan Bach nei Boudewijn de Groot, fan Johannes de Heer nei Rachmaninov en noch folle mear. Der binne solisten út ús eigen gemeente. It Liturgykoar, de Houtgroep fan Euphonia en in sjong Kwintet. Wat in rykdom oan muzyk dy’t ús rekket.
Ik soe sizze: Lit jim reitsje!
 

terug
 


 
 
 
4e Advent
21 december

Jacobikerk
9.30 uur

Voorganger:

ds. Marten Dijkstra
Organist:
Doeke van Wieren



De livestream is te volgen via kerkdienstgemist.nl 
 
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.