|
|
12+
12+
Dizze rigel komt út Psalm 23, de psalm wêryn’t David de Heare beskriuwt as in hoeder. Der giet yndie in stikje rêst út fan de psalm ast him yn syn gehiel lêst.
In protte minsken binne dwaande om harsels te finen; guon wije harren libben deroan. En dêr is ek neat mis mei. Unbewust tink ik oan it programma FryslânDOK fan ôfrûne wike, wêrynt Hyls, in Fryske jongeman dy’t no yn in kleaster yn Thailân wennet, op syk is nei ferljochting en hjirby holpen wurdt troch syn learaar.
De dokuminteare oer Hyls makke in soad yndruk op my. Hyls sei dat er earder in protte yn it ferline of yn de takomst libbe en net sasear yn it hjir en no. De Boedhistyske lear brocht him it ynsjoch dat de geast allinnich telt en trochgiet. It libben en ierdske saken binne net wichtich.
Ik hie in dûbeld gefoel doe’t ik dat hearde. Fansels, der is in protte dat der net ta docht, en wat is it in goed gefoel om ticht by dysels te wêzen, mar it fielde foar my in bytsje as in libben lang sykjen. Hoe ticht kinst eins by dysels komme? Fansels, ik bin gjin boedhist en sjoch der as in bûtensteander nei, mar toch...
Oan’e oare kant; ek ik sit eltse wike yn de yogales en dan tink ik: o ja, dit bin ik, yes. Allinnich kin ik dit gefoel net altiten fêsthâlde, mar it is foar my o sa wichtich. Ik wol gjin les misse.
Psalm 23 is foar my gjin ûnbekinde. By ús thús waard altyd Bibel lêzen nei it iten en dit is in favoryt fan ús mem. En sa ynienen stiet dizze psalm foar my even yn in oar ljocht. Want dysels sykje draait net út op rêst, mar begjint hjir mei rêst. De skriuwer is der wis fan dat er beskerming en rêst fynt by God en as fansels fynt er himsels werom.
Dy echt oerjaan, sa’t Hyls dat docht mei syn libbenswize, dat bart eins ek yn dizze psalm.
It hat my in protte brocht. Stiekum tink ik dat ús mem it derom dien hat froeger. Ik kin de psalm hast út ‘e holle. En dan falle samar ynienen alle puzelstikjes fan dysels op harren plak.
Antje van Schepen
| terug
|
|
|
|
|
|
Preek van de Leek

26 maart kerkdienst
09:30 Jacobitsjerke
Voorganger: mevr. S. Poepjes
Organist: Doeke van Wieren
m.m.v. houtblazers en liturgiekoor
Ook te volgen via:
Kerkdienstgemist
|
|
Activiteiten "it Bynt"

Klik hier.
|
|
Een bakje koffie doen

Elke dinsdagmorgen staat van 10.00 tot 11.30 uur de koffie voor u klaar in de toren van de Jacobikerk!
Welkom!
|
|
Oproep voor de jeugd
|
|
Rock Solid
|
|
Update vanuit het jeugdwerk

Klik hier.
|
|
Historie Gereformeerde Kerken
Historisch overzicht over de voormalige Gereformeerde Kerk te Wommels.
(klik op de afbeelding)
|
|
Activiteitencommissie "it Bynt" nu ook op facebook!
Like en volg de facebooksite van de activiteitencommissie van "it Bynt".
(klik op de afbeelding)
|
|
|