|
|
12+
12+
In prima ferkiezingsprogram soe dizze psalm wêze kinne. Mar fansels allinnich ast as party ek alle beloftes neikomme kinst. Mar toch, lis dizze tekst mar ris nêst it nijs út dizze tiid en der soe in protte feroare wurde kinne.
Eins liket dizze psalm ek wol op de tsien wurden. Allinnich is ‘do meist (net)’ hjir krekt was oars delset. In wetgelearde yn de tiid fan Jezus stelt Him eins deselde fraach: ‘Master, wat moat ik dwaan om diel te krijen oan it ivige libben?’ (Lucas 10: 25-37). Hy hope miskien op in diskusje oer it libben nei de dea; wat soe Jezus hjir fan fine, soe er in flater by Jezus ûntdekke kinne?
Mar Jezus jout de wetgelearde in koekje fan eigen beslach: “Wat stiet der yn de Wet?”
De wetgelearde seit dat God leafhawwe op ien stiet en dyn neiste as dysels leaf te hawwen op twa.
“It goede antwurd” fynt Jezus. Mar de gelearde wol hjir net ôfgean as in gieter. “Wa is myn neiste?” freget er dêrom mar. Dan fertelt Jezus him it ferhaal fan de barmheritge Samaritaan. In moai ferhaal oer echte help. Ast opnij Psalm 15 der nêstlizze soest, soe alles kloppe by dizze Samaritaan, dy’t seit wat docht en docht wat er seit.
‘Wa’t sa docht, sil nea net wifkje.’ Leauwe liket hjir hiel maklik, is it dat ek? Wat soe der barre as wy dizze Psalm ris nêst de krante fan ússels lizze, de krante fan ……., novimber 2016?
Ik tink dat faaks fansels wol dúdlik wurde soe wa’t uze neiste is..
Antje van Schepen
| terug
|
|
|
|
|
|
Kerkdienst

10 december Viering Heilig Avondmaal
09:00 uur Jacobitsjerke
Voorganger: Ds. M. Dijkstra
Organist: Anne Aardema
10:15: Thomastsjerke
Voorganger: Ds. M. Dijkstra
Organist: Anne Aardema
Ook te volgen via:
Kerkdienstgemist
|
|
Activiteiten "it Bynt"

Klik hier.
|
|
Een bakje koffie doen

Elke dinsdagmorgen staat van 10.00 tot 11.30 uur de koffie voor u klaar in de toren van de Jacobikerk!
Welkom!
|
|
Oproep voor de jeugd
|
|
Rock Solid
|
|
Update vanuit het jeugdwerk

Klik hier.
|
|
Historie Gereformeerde Kerken
Historisch overzicht over de voormalige Gereformeerde Kerk te Wommels.
(klik op de afbeelding)
|
|
Activiteitencommissie "it Bynt" nu ook op facebook!
Like en volg de facebooksite van de activiteitencommissie van "it Bynt".
(klik op de afbeelding)
|
|
|