|
|
12+
12+
Yn dizze kampagnetiid foar de ferkiezings moast ik oan dit ferhaal fan Paulus tinke. Yn Athene liket genôch te kiezen kwa streamingen en goaden. Hoe wisten de âlde Griken no wat goed foar har wie?
Paulus moat tusken al dizze filosofyske en godstsjinstige streamingen syn ferhaal dwaan op de Areopagus, in heuvel by Athene dêr’t belangryke rjochtspraak hâlden waard.
It gie by in protte filosofen om libbensgelok, libbenswize en it ûnstean fan it universum. Goaden en sa wienen der wol, mar hienen bygelyks foar de Epikuristen gjin ynfloed op de wrâld.
As Paulus syn ferhaal oer de ûnbekinde God fertelt (yn Athene stie in alter mei dêrop de wurden: foar de ûnbekinde god), binne der in pear kiezers dy’t fuortdaliks har by Paulus oanslute; Dionysius, in rjochter fan de Areopagus en in frou Damaris.
Gelok sit him hjir júst yn belutsenheid fan God mei ús, dat is eins it belangrykste boadskip fan Paulus.
Krekt as wie dat it missende puzelstikje. Want al kinst alles ferklearje, der knaget soms wat.
Dat it byld foar dy ûnbekinde god júst yn Athene stie, is tink ik gjin tafal. Op in plak dêr’t safolle neitocht wurdt oer it hoe en it wêrom is de fraach stelle him beantwurdzje.
Sit der wat foar my by, al dy streamingen of godstsjinsten, tinkst miskien? Der sille altyd plakken bliuwe om nei te tinken en dysels te fullen mei libbenswizen. Mar yn in lytse hoekje, by in lyts alter stiet soms it antwurd…
Antje van Schepen
| terug
|
|
|
|
|
|
Kerkdienst

10 december Viering Heilig Avondmaal
09:00 uur Jacobitsjerke
Voorganger: Ds. M. Dijkstra
Organist: Anne Aardema
10:15: Thomastsjerke
Voorganger: Ds. M. Dijkstra
Organist: Anne Aardema
Ook te volgen via:
Kerkdienstgemist
|
|
Activiteiten "it Bynt"

Klik hier.
|
|
Een bakje koffie doen

Elke dinsdagmorgen staat van 10.00 tot 11.30 uur de koffie voor u klaar in de toren van de Jacobikerk!
Welkom!
|
|
Oproep voor de jeugd
|
|
Rock Solid
|
|
Update vanuit het jeugdwerk

Klik hier.
|
|
Historie Gereformeerde Kerken
Historisch overzicht over de voormalige Gereformeerde Kerk te Wommels.
(klik op de afbeelding)
|
|
Activiteitencommissie "it Bynt" nu ook op facebook!
Like en volg de facebooksite van de activiteitencommissie van "it Bynt".
(klik op de afbeelding)
|
|
|