|
|
12+
12+
In ‘blinde vlek,’ of dysels blyn sjen, we hawwe der allegear wolris lêst fan. Hast net troch wat der krekt oan ‘e hân is of bist miskien tefolle mei oare saken dwaande.
De fiver fan Siloam krekt bûten Jeruzalem komt yn de Bibel in pear kear foar. It liket derop dat it dan faaks giet oer sa’n bline vlek. Minsken wolle net sjen wat der om harren hinne oan ‘e hân is. Bygelyks yn it ferhaal yn Johannes 9.
In bline man wurdt troch Jezus better makke; Jezus spuit op ‘e grûn, smart dat slyk op de eagen fan de man en seit der er him waskje moat yn de fiver fan Siloam. De man kin neitiid wer sjen.
Dêrnei freegje de Farizeeërs oant twa kear ta wat der bard is en wurde se lilk en jeie him fuort as de man fertelt dat hy seit dat Jezus troch God stjoerd is. Jezus heart derfan, siket him op en freget de man oft er yn de Minskesoan leaut. As de man freget wa’t dat is (dan sil ik yn Him leauwe), fertelt Jezus dat Hy it is. De man leaut.
Siloam, betsjut ‘útstjoering.’ De fiver is ea oanlein as wetterbekken yn gefallen fan besetting troch de fijân, kompleet mei wettertunnels en al. Wetter moat streame, kin net stilstean bliuwe. Tagelyk kin in moment fan stilte dy helpe om earst even nei dyn eigen spegelbyld te sjen,nei te tinken oer wat der no eins oan ‘e hân is.
Ik ha it idee dat it hiele ferhaal yn Johannes 9 in bytsje itselde is as de genêzing sels; it liket, krekt sa as it slyk op de eagen, earst noch donkderder te wurden. Oan it ein fan it ferhaal komt alles yn perspektyf te stean en wurdt it wer ljocht.
Sjen en fiele wat der yn dy omgiet of om dy hinne bart is net iets dat yn ien kear klear is. Dat is tink ik it boadskip út dit ferhaal. It freget konstant dyn oandacht. Soms leit it antwurd op in plak dêrs’t it net ferwachtest, is in persoan hiel oars asto tinkst.
Soms moat wetter earst even ta rêst komme om dúdliker te sjen wat der echt is.
Antje van Schepen
| terug
|
|
|
|
|
|
Kerkdienst

10 december Viering Heilig Avondmaal
09:00 uur Jacobitsjerke
Voorganger: Ds. M. Dijkstra
Organist: Anne Aardema
10:15: Thomastsjerke
Voorganger: Ds. M. Dijkstra
Organist: Anne Aardema
Ook te volgen via:
Kerkdienstgemist
|
|
Activiteiten "it Bynt"

Klik hier.
|
|
Een bakje koffie doen

Elke dinsdagmorgen staat van 10.00 tot 11.30 uur de koffie voor u klaar in de toren van de Jacobikerk!
Welkom!
|
|
Oproep voor de jeugd
|
|
Rock Solid
|
|
Update vanuit het jeugdwerk

Klik hier.
|
|
Historie Gereformeerde Kerken
Historisch overzicht over de voormalige Gereformeerde Kerk te Wommels.
(klik op de afbeelding)
|
|
Activiteitencommissie "it Bynt" nu ook op facebook!
Like en volg de facebooksite van de activiteitencommissie van "it Bynt".
(klik op de afbeelding)
|
|
|