Protestantse Kerk in Nederland
Protestantse gemeente Wommels-Hidaard
 
 
12+ 12+
Libbensrigels, wetten, relygje;  komt dêr net allinnich mar ellinde fan? Neitinke oer goed en ferkeard, meie en net meie makket it ferkearde soms krekt as dy roze oaljefant yn de keamer, wêr’t net oer praat wurde mei, mar dy’t der altiten stiet…. toch?
 
As’t Romeinen 7:7-24 lêst, dan wurdt der praat oer de wet (10 geboaden) as helpmiddel mar tagelyk as fergrutglês foar wat goed is en wat net. It wurdt der soms lestiger fan. Hiel strang wat ferbiede bygelyks jout soms mear oantrekkingskrêft as earne frij mei omgean.
Paulus, de skriuwer fan dizze brief seit dat it ferskil  tusken wolle en leauwe oan de iene kant en dwaan oan de oare kant it sa lestich makket. Troch Jezus, seit er, hoechst net klem komme te sitten.
 
Paulus makket hiel dúdlik ferskil tusken ferstân (wolle, leauwe) en lichem (sûnde). Gek eins, as ik self even net mear wit wat goed of ferkeard is, stim ik ôf op holle of hert. Gedachten, stomme of leuke makkest sels yn dyn holle. Mei dyn hert sjochst faaks wol wat goed is of ferkeard.
Paulus hat it yn oare brieven wolris oer mei inoar ien wêze (ien lichem); elk stikje is weardefol en kin net mist wurde. It haad (holle) is Jezus sels. It soe best kinne dat dêrom de holle by Paulus sa wichtich is.
 
Wat seit Jezus der sels eins oer? Jezus jout sin en doel oan de rigels. Se krije in gesicht. Hy fettet de 10 geboaden gear yn twa rigels: “Do silst de Hear dyn God leafhawwwe mei dyn hiele hert, dyn hiele siel en dyn hiele ferstân. Dat is it grutte en allerfernaamste gebod. En it twadde stiet dêr lyk mei: Do silst dyn neiste leafhawwe sast dysels leafhast. Dy beide geboaden hingje Wet en profeten hielendal fan ôf.”(Mat.22:37-40).
 
Dyn hiele hert, dyn hiele siel en dyn hiele ferstân. Dyn hiele lichem brûke, gjin stikje kin mist wurde. En dan… is dy oaljefant in mich wurden.

Antje van Schepen
 
terug
 
 
 
 
Kerkdienst

10 december Viering Heilig Avondmaal
09:00 uur Jacobitsjerke
Voorganger:  Ds. M. Dijkstra
Organist: Anne Aardema
10:15: Thomastsjerke
Voorganger: Ds. M. Dijkstra
Organist: Anne Aardema





Ook te volgen via:
Kerkdienstgemist







 
 
Activiteiten "it Bynt"


Klik hier.
 
Een bakje koffie doen


Elke dinsdagmorgen staat van 10.00 tot 11.30 uur de koffie voor u klaar in de toren van de Jacobikerk!
Welkom!
 
Oproep voor de jeugd

 
Rock Solid

 
Update vanuit het jeugdwerk

Klik hier.
 
Historie Gereformeerde Kerken
Historisch overzicht over de voormalige Gereformeerde Kerk te Wommels.
(klik op de afbeelding)
 
Activiteitencommissie "it Bynt" nu ook op facebook!
Like en volg de facebooksite van de activiteitencommissie van "it Bynt". 
(klik op de afbeelding)
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.