|
|
12+
12+
Efraïm is as in pankoek dy’t net keard is. (Hosea7:8)
Pankoek bakke is in fak apart. Ik lit it myn man altiten dwaan. By my binne se of te dik en dus net goed gear, of te hyt bakt. It is in keunst, alle kredits yn dit gefal foar myn wederhelft.
De útdrukking hjirboppe hie’k noch nea fan heard. Sels ik wit datst in pankoek keare moast, wolst goed gear iten krije. Wa docht soks no net?
Even ynzoome op it ferhaal: profeet Hosea warskôget de minsken yn it Noardryk (Israël hat in skoft út twa lannen bestien) foar ôfgoaderij en dealtsjes mei de Assyriërs. It liket allegear oké, kening Jerobeam II regearret sa’n 40 jier. Mar toch, der binne skuorkes: oare goaden, dûbele agindas, korrupsje en geweld.
Fansels witte se ek noch wol fan God en wurdt der noch wol wat oan dien. Mar Hosea fergeliket har leafde /leauwen mei moarnsdauwe; sagau’t de sinne begjint te skinen, ferdampt alles wer.
Sa kinst dat ek sjen mei dy pankoek; as it even snel snel moat, wurdt it neat.
In pankoek moat oan twa kanten gear. Miskien hinget by jim thus of by pake en beppe ek noch sa’n borduurd skilderij mei ‘Bid en Werk’ oan ‘e muorre. Ik tink dat it dêrom giet. Ien kant gear is de yntinsje om goed te dwaan of om te leauwen. De oare kant gear is it ek echt dwaan.
Lekker ite!!
Antje van Schepen
| terug
|
|
|
|
|
|
Kerkdienst

10 december Viering Heilig Avondmaal
09:00 uur Jacobitsjerke
Voorganger: Ds. M. Dijkstra
Organist: Anne Aardema
10:15: Thomastsjerke
Voorganger: Ds. M. Dijkstra
Organist: Anne Aardema
Ook te volgen via:
Kerkdienstgemist
|
|
Activiteiten "it Bynt"

Klik hier.
|
|
Een bakje koffie doen

Elke dinsdagmorgen staat van 10.00 tot 11.30 uur de koffie voor u klaar in de toren van de Jacobikerk!
Welkom!
|
|
Oproep voor de jeugd
|
|
Rock Solid
|
|
Update vanuit het jeugdwerk

Klik hier.
|
|
Historie Gereformeerde Kerken
Historisch overzicht over de voormalige Gereformeerde Kerk te Wommels.
(klik op de afbeelding)
|
|
Activiteitencommissie "it Bynt" nu ook op facebook!
Like en volg de facebooksite van de activiteitencommissie van "it Bynt".
(klik op de afbeelding)
|
|
|