12+
12+
it wie feest echt feest
oars as oare feestjes
om ien of oare reden
woe ik hjir gewoan by wêze
fielde ik my oars, spesjaal, wolkom
“Meilijen wol Ik en gjin offer.”
wurden dy’t ik koe, se waarden sein
tsjin de mannen fan de timpel, mar
ik hearde mei
meilije mei minsken dy’t troch my
yn de skulden sieten die ik dat?
en no sei dy Jezus dat er mei
my meilijen hie?
it read kaam op myn wangen
it wie net de wyn, ik fielde
my
noch waarmer wurden, ik gie nei hûs
moarn doch ik it oars
Antje van Schepen
|